Sineeske Oerhearsking fan Fjetnam

De Sineeske Oerhearsking fan Fjetnam (Fjetnameesk: Bắc thuộc, "It Hearren by it Noarden") is in ferwizing nei fjouwer tiidrekken yn 'e skiednis fan Fjetnam, wêryn't dat lân oerhearske waard troch Sina. De earste trije perioaden, dy't in sterk oaniensletten karakter hiene, begûnen yn 111 f.Kr. en einigen yn 938. In fjirde, relatyf koarte perioade folge yn 'e earste helte fan 'e fyftjinde iuw, en wurdt troch de measte histoarisy negearre as se it oer 'de Sineeske oerhearsking fan Fjetnam' hawwe. Itselde jildt trouwens noch sterker foar de koarte Sineeske besetting fan Noard-Fjetnam oan 'e ein fan 'e Twadde Wrâldoarloch. In histoarysk oersjoch sjocht der sa út:



© MMXXIII Rich X Search. We shall prevail. All rights reserved. Rich X Search